Wâl te heech: bisten ferdrinke

07 sep 2010 - 17:00

Ynwenners fan Dolsterhuzen en Ychtenbrêge hawwe noed oer de bisten dy't ferdrinke yn it stik wetter tusken de Tsjonger en de Tsjûkemar. Reeën besykje de feart oer te swimmen, mar om't de wâlskanten te heech binne, kinne se der net útkomme. De bisten wurde dan wurch fan it swimmen en ferdrinke.

It probleem spilet al jierren, mar der is noch hieltyd gjin oplossing foar fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)