Wakker Dier nominearret bargefleis Friberne as 'Liegebeest'

09 nov 2015 - 15:12

Wakker Dier hat de kampanje foar it bargefleis fan Friberne nominearre as 'Liegebeest 2015'. Wakker Dier striidt derfoar dat bisten in goed libben hawwe. Sy sizze dat de folder en de webside fan Friberne it publyk op de ferkearde foet set.

Neffens de boeren en de slachters krije de bargen alle dagen krûden as fretten, mar neffens Wakker Dier krije de bisten mar in hantsjefol fan dat krûdemingsel. De boeren dy't oansletten binne by Friberne binne tige fernuvere oer de nominaasje, omdat sy hielendal net benadere binne troch Wakker Dier.

Sy fine dat der neat mis is mei de ynformaasje dy't se jouwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)