Wagenaar-en-dy winne Berltsum

25 maaie 2014 - 16:52
  • Keatsen

Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra ha snein de haadklasse keatspartij yn Berltsum op har namme skreaun. Yn de finale wie it trijetal mei 5-1 en 6-4 te sterk foar Nicole Hempenius, Imke van der Leest en Harmke Siegersma.

De lytse preemje gong nei it partoer fan Iris van der Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra, dy't yn de striid om it tredde plak mei 5-1 en 6-2 wûnen fan Rianne Vellinga, Marike Beckers en Miranda Scheffer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)