WadsApp nominearre foar kommunikaasjepriis

24 nov 2014 - 15:22
  • WadsApp jout ynformaasje oer nijsgjirrige saken op de Waadeilannen

De WadsApp fan Skylge en Teksel is nominearre foar in wichtige Europeeske kommunikaasjepriis. It giet om de Europeeske Excellence Award. Yn de app kinne minsken allegear ynformaasje fine oer ûnder oare de taal, de aktiviteiten en de streekprodukten fan de Waadeilannen.

De WadsApp draait op dit stuit allinnich noch op Skylge en Teksel. De app wurdt alle dagen sa'n fyftich kear download. De priisútrikking fan de Excellence Award is op tongersdei 4 desimber yn Parys.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)