Waddenrace mei sjarterskippen

03 nov 2012 - 11:35
  • De Waddenrace ferline jier

Yn Harns is sneontemoarn de Waddenrace fan start gien. De sjarterskippen sile fan Harns, Den Oever, Teksel, Flylân en Skylge werom nei Harns. De wedstriid wurdt dit jier foar de 18e kear hâlden. It is foar in soad brunefloatskippers in ekstra kâns om noch wat jild te fertsjinjen. De skippen hawwe betelle gasten oan board by de wedstriid.

De skippers moatte yn Harns sels beslute oft se earst rjochting Flylân en Skylge gean of dat se earst nei Teksel sile. De skippen binne yn de rin fan snein werom yn Harns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)