Waddengoud Puur Terschelling

06 apr 2012 - 18:50

Aktiviteitebedriuw Puur Terschelling is it earste Skylger bedriuw dat it keurmerk Waddengoud krijt foar akkomodaasje en arrangeminten. Waddengoud is in keurmerk foar produkten of tsjinsten yn it waadgebiet. Sa krigen op Flylân de Cranberry Company en restaurant De Dining it keurmerk.

Puur Terschelling krijt it keurmerk om't se in grutte bining hawwe mei de streek, en duorsum oan it wurk binne. It predikaat is freed útrikt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)