Wachtsje op winterbannen

15 nov 2011 - 14:22
  • Winterbannen kinne wer om

Der is op 't heden in grutte fraach nei winterbannen. Garaazjes kinne it mar kwalik oan. Der wurde no al bannen út it bûtenlân weihelle. Wa't no noch winterbannen hawwe wol, moat der soms wiken op wachtsje.

Sa hat Euromaster op It Hearrenfean in wachtlist foar winterbannen fan twa wiken. Dêrby makket it personeel oeroeren en meie se gjin frije dagen opnimme. Sûnt begjin oktober wurde alle dagen 35 auto's foarsjoen fan winterbannen.

 

De lêste twa strange winters hawwe de winterbân tige populêr makke. Waarden yn Nederlân in pear jier lyn noch 700.000 bannen ferkocht, dit jier sille dat der sa'n twa miljoen wêze.

 

Testen fan de ANWB hawwe útwiisd dat de bân feiliger is op glêde diken. Guon fersekeringsmaatskappijen jouwe koarting as de automobilist op winterbannen riidt. De ANWB jout minsken dy't alle dagen op de dyk binne, ek it advys winterbannen te nimmen.

 

Neffens de brânsje-organisaasje fan garaazjes, de Bovag, helpe winterbannen in soad autobedriuwen troch drege tiiden hinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)