Wachtsje op nije lûdssifers fan de JSF

10 nov 2014 - 22:53
  • De F35, better bekend as de JSF

Der komme ynkoarten nije sifers oer it lûd fan de JSF, de F35. Ofrûne jier bin yn Amearika nije lûdmjittings dien. Dy wurde op it stuit troch it NLR, it Nederlâns loft-, en romtefeart ynstitút omrekkene nei de Nederlânske sitewaasje. Begjin desimber wurde dy nei de Twadde Keamer stjoerd.

Doarpsbelang Marsum wachtet al in skoft op dizze sifers. It moat dúdlikens jaan oer de mooglike oerlêst dy't de F35 meibringt. Ut eardere ûndersiken hat al bliken dien dat de F35 mear leven makket as de F16, it tastel dêr't Nederlân no mei fleant.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)