Wachtlisten soarch ferdwine rap

10 jan 2001 - 18:56

It kaam de âlden fan 'e 35-jierrige Rinse Epema fan Gytsjerk suver wat oer oer it mad. Koartlyn hiene se harren geastlik handicapte soan foar in gesinsferfangend tehûs opjûn en no is it al safier.

Troch mear Ryksjild wurde de wachtlisten yn 'e soarch yn in rap tempo fuortwurke. Der wachtsje no noch 900 minsken. Yn 2002 moat de wachtlist fuort wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)