Wachtlisten jouwe fertekend byld

11 feb 2003 - 00:00

De wachtlisten yn Fryslân jouwe gjin goed byld fan de wiere situaasje. Dat makket soarchfersekerder De Friesland bekend. It giet dan om de wachtlisten foar ferpleechhûzen en ynstellings foar handikapten.

Neffens in ûndersyk binne mar 40% fan de gefallen op 'e wachtlist driuwend dy't sa gau mooglik opnommen wurde moatte. De restearjende 60% jout oan op dit stuit leaver thús te bliuwen. Der steane 1634 minsken op de wachtlist.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)