Wachtlisten jeugdsoarch

24 nov 2008 - 21:52

Jeugdsoarch Fryslân ferwachtet dit jier oan 2200 bern help te ferlienen. It giet om in taname fan 200 bern yn fergelyk mei 2007. De wachtlist is flink werombrocht. Yn 2007 stiene dêr goed 70 bern op, no giet it om tsientallen.

De gemiddelde wachttiid is no seis wike. Dit is realisearre mei ekstra jild en mear personiel. De direksje fan Jeugdsoarch Fryslân hopet dat der binnen trije gjin wachtlisten mear binne foar help.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)