Wachtlist Opsterlân oplost

16 des 2004 - 10:14

De wachtlist foar deminte âlderen yn Opsterlân is yn ien kear oplost troch de komst fan in tydlik ferpleechhûs yn Beetstersweach. Dat wurdt ûnderbrocht yn in gebou fan revalidaasje Fryslân, oan de kommisjewei. It ferpleechhûs jout plak oan 60 minsken. Fierder binne der ek 16 plakken foar dei-opfang.

De soarchynstelling efter it ferpleech- hûs woe earst nij bouwe op 'e Gordyk en yn Oerterp. Dy plannen driigje lykwols 3 oant 4 jier fertraging op te rinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)