Wachtlist MRI-scan lytser

31 jul 2008 - 14:20

Sikehûs MCL yn Ljouwert hat de wachtlist foar MRI-ûndersyk flink werombrocht. It MCL hat twa fêste MRI-apparaten, mar hat in moanne lang in mobyl apparaat ekstra brûkt. Dêr binne mear as 400 pasjinten mei ûndersocht. De wachttiid is no werombrocht fan 50 nei 20 dagen.

Yn it sikehûs wurde alle moannen 700 minsken mei in MRI-scan ûndersocht. De fraach nei sokke ûndersiken nimt ta. Takom jier krijt it Ljouwert sikehûs der noch ien fêste scan by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)