Wachtlist mishanneling fuort

28 nov 2005 - 09:22

It meldpunt bernemishanneling hat oan de ein fan dit jier gjin wachtlisten mear. Dat seit direkteur Sprokkenreef fan Buro Jeugdzorg Friesland. Yn it begjin fan dit jier stiene 65 bern op de wachtlist fan it advys- en meldpunt. Dy moasten gemiddeld 90 dagen wachtsje.

De provinsje fûn de wachtlisten ûnakseptabel en hat jild jûn om der wat oan te dwaan. Yn it ferfolchtrajekt fan help oan bern binne noch wol wachtlisten. Dy wurde no oanpakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)