Wachtlist Mesykfestival Skier

19 jan 2006 - 15:45

Korpsen ha der in soad belangstelling foar om mei te dwaan oan it mesykfestival op Skiermûntseach. Op 10 juny is dêr de 49ste edysje fan en dat is wat korpsen oangiet al hielendal folboekt.

Der kinne 25 ferienings meidwaan, mar de organisaasje hat in wachtlist oanlizze moatte. Der kinne noch wol KOAREN meidwaan oan it mesykfestival op Skiermûntseach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)