Wach wêze op bernelokkers

13 apr 2012 - 13:53

Alden moatte har bern der alert op meitsje dat se net mei frjemden prate moatte. Dy oprop dogge ferskate basisskoallen yn Dongeradiel yn in mail oan de âlders.

Dy mail is ta stân kaam om't in pear dagen lyn in jonkje oansprutsen is troch in man om mei him mei te gean. De jonge hat dat net dien, mar der is dêrtroch wol in soad ûnrêst ûntstien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)