Wach op natuerbrantsjes

14 apr 2010 - 15:30
  • Yn Rinsumageast wie ek brân

Steatsboskbehear yn Noardeast-Fryslân is ekstra wach op brantsjes yn natuergebieten yn de omkriten fan De Westereen. De lêste pear wiken ha der al in stik of tsien brannen west. Dêrby hat de kwetsbere natuer in soad skea oprûn.

De brânwacht tinkt dat omhingjende jeugd der mei te krijen hat. Meiwurkers fan Steatsboskbehear hâlde de eagen en earen iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)