Wach fanwege heech wetter

30 jan 2013 - 12:07
  • Heech wetter Flylân

Rykswettersteat hâldt de wetterstân oan 'e kust woansdei ekstra yn 'e gaten. Dat wurdt dien om't der in kombinaasje fan hurde wyn en heech wetter ferwachte wurdt. It wetter soe sa'n twa meter boppe it normale peil útkomme kinne. Boppdat wurdt flink wat wyn ferwachte, dy wyn stiet ek nochris op 'e kust. Fanwege it waar past Doeksen syn fartiden nei Flylân oan. Op Skylge wurdt rekken hâlden mei sa'n 60 sintimeter wetter op it parkearterrein by de haven.

Ek it Wetterskip Fryslân nimt maatregelen yn ferbân mei de ferwachte hege wetterstân yn kombinaasje mei de stoarmige súdwestewyn. Se slute yn Harns de kearmuorre en op Flylân binne se der klear foar om dy te sluten. Op Skiermuontseach en It Amelân binne aksjesintra ynrjochte en sille de dykwachten de diken yn de gaten hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)