Waarnimmer op Skiermûntseach

30 mrt 2011 - 10:49

Martin Zijlstra (66) út Woldendorp wurdt waarnimmend boargemaster op Skiermûntseach. Hy folget dêr Bert Swart op, dy't earste boarger fan Zuidhorn wurden is.

Zijlstra hat earder waarnimmer west yn de gemeente Oldambt. Dêrfoar wie er boargemaster fan Termunten en Twadde Keamerlid foar de PvdA. Zijlstra begjint freed en bliuwt oan oant in definitive opfolger foar Swart oantreedt. Dat sil nei alle gedachten ein dit jier wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)