Waarmteweach yn Fryslân: Nasjonaal Hjitteplan fan krêft

30 jun 2015 - 12:21

It Nasjonale Hjitteplan is fan tiisdei ôf yn wurking. It is opset om te soargjen dat kwetsbere groepen harren tariede op tige waarm waar. Der steane tips yn oer hoe om te gean mei de hege temperatueren.

Sa advisearret it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu minsken om goed wetter te drinken, ynspannings yn 'e middei foar te kommen en yn it skaad te bliuwen. Wetterbedriuw Vitens ferwachtet troch de waarmte dat it wetterferbrûk yn de rin fan de wike mei 60% tanimme sil.

Op dit stuit leit it wetterferbrûk al sa'n 20 persint heger as gewoan. It bedriuw nimt tal fan maatregels om it hegere wetterferbrûk op te fangen.

Sa wurde de wetterreservoirs ekstra yn de gaten hâlden. Ek yn de nacht draaie de produksjebedriuwen troch om ekstra wetter te pompen.

De lêste fersy fân it Hjitteplan is hjir te lêzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)