Waarmte opwekke middels skilen

20 aug 2007 - 13:04

It patatfabryk Lamb Weston-Meyer by Easterbierrum bout in biomassafergêstings-ynstallaasje weryn't de skilen fan de ierdappels ferwurke wurde.

Troch dy fergêsting kin der elektrisiteit en waarmte opwekt wurde. De ynstallaasje, dy't miljoenen kostet, moat yn de simmer fan 2008 draaie. Yn de ynstallaasje sil alle jierren tusken de 25 en 30 tûzen ton ierdappel-skilen ferwurke wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)