Waarmte: brêge past net mear

10 jul 2010 - 17:12
  • Foto's: Omrop Fryslân
  • Caravan swaaie

It hite waar soarge sneon foar problemen mei de Drachtsterbrêge yn Ljouwert. Op 'e neimiddei woe de brêge in goed heal oere net mear ticht. It brêgedek wie útset en paste net mear.

In brânwachtauto hat de brêge úteinlik tichtdrukt. Om foar te kommen dat der wer problemen komme, wurdt de brêge sneon foarearst net betsjinne. Skippen mei hege mêsten en frachtskippen kinne de brêge net passearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)