Waarmste krystdagen yn 40 jier

27 des 2011 - 18:10

De winter liket noch fier fuort te wêzen. Moandei wie sels de waarmste twadde krystdei yn hast 40 jier. Op ferskate plakken yn Fryslân joech de termometer mear as 11 graden oan. Desimber liket in tige sêfte moanne te wurden.

En dat is goed te sjen yn 'e natuer. It liket bytiden wol maaitiid. Bloemen bloeie, en der binne ek mear fûgels en beikes as oars. De earder foarseine 'horrorwinter' is yn alle gefallen noch fier fuort.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)