Waarme waar hâlde elk dwaande

16 jul 2003 - 00:00

Goed drinke, rêstich bliuwe en de gerdinen ticht. Mei dizze tips wie de tropyske waarmte fan woansdei it bêste út te hâlden. Guon kin it net waarm genôch wêze, mar foar oaren kinne de hege temperatueren gefaarlik wêze. Personiel fan sikehûzen en soarchsintra hâlden pasjinten en bewenners goed yn de gaten. Se krigen wat ekstra omtinken en waarden traktearre op in iisko.

Oaren koenen in plak yn it skaad of oan it wetter sykje om noflik te sitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)