Waarme waar goed foar ikkerbou

03 aug 2004 - 16:28

De ikkerbou profitearret fan de earste echte waarmte fan dit jier nei in skoft fan wiet en koel waar. Neffens NLTO- bestjoerder Upt Hiddema set no benammen maïs goed kolf. De sinne soarget der fierder foar dat it sûkergehalte fan sûkerbiten flink omheech giet.

De jirpels hawwe wat minder profyt fan de waarmte. Neffens Hiddema groeiden dy de lêste tiid ek al net sa bêst troch it wiete waar. Foar de greidboeren komt it moaie waar ek goed fan pas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)