Waarme simmer mei buien

31 maaie 2013 - 06:46

It wurdt in waarme simmer mei sa no en dan swiere buien. Wy hawwe ek kâns op in hjittegolf. Dat seit Piet Paulusma yn syn langetermynsimmerfoarsizzing. Sneon 1 juny begjint de meteorologyske simmer.

Neffens Paulusma wurdt it yn juny stadichoan waarmer. Yn july krije wy flinke buien en yn augustus wurdt it it waarmste. Ein july, begjin augustus kin der in hjitteperioade komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)