Waarme simmer goed foar flinters

29 jul 2003 - 00:00

Der binne dit jier folle mear flinters yn Fryslân as oare jierren. Dat komt troch it waarme en droege waar. Sels de keninginnepage, in seldsume flinter yn ús omkriten, is sjoen yn Nijeberkeap.

Ek de keizersmantel en de gehakkelde aurelia binne bekende gasten yn de provinsje. Oars ferbliuwe sokke ynsekten súdliker. Soarten dy't hjir algemien foarkomme, lykas de heaflinter en de stikelflinter, komme troch de waarme simmer noch mear foar as oars.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)