Waarman Van Zandbergen stoarn

16 okt 2002 - 00:00

Waarman Engbert van Zandbergen is tiisdei ferstoarn oan in hertoanfal yn syn wenplak Haulerwyk. Van Zandbergen fersoarge de ôfrûne fjouwer jier it waar foar Omrop Fryslân radio en tv as ferfanger fan Piet Paulusma.

Van Zandbergen assistearre Piet Paulusma ek by syn wurk foar SBS6. Hy wie ûnderwizer oan de iepenbiere skoalle yn Haulerwyk. Hy waard 54 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)