Waarman Piet seit: Tige tank!

02 des 2010 - 11:46
  • Boargemaster Scheffer spjeldet Piet de draachspjeld fan 'e gemeente op
  • Pyt Paulusma dwaande mei it waarberjocht yn syn waarkeamer yn Harns

Waarman Piet Paulusma út Harns wol alle harkers en sjoggers fan Omrop Fryslân tige tank sizze foar de hûnderten reaksjes dy't hy woansdei krige. Piet Paulusma is 25 jier as waarman oan Omrop Fryslân ferbûn. Hy krige woansdei dêrom by wize fan ferrassing in oarkonde fan de omrop en ek in spjeld fan de gemeente Harns.

Piet syn jubileum wie foar hûnderten minsken oanlieding om de waarman te lokwinskjen mei sms, twitter of e-mail.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)