Waarman Paulusma: "Begjin takom jier reedride op natueriis'

30 nov 2015 - 20:36
  • Reedride op 'e Ryptsjerksterpolder jannewaris 2015

Waarman Piet Paulusma tinkt dat wy in lestige winter temjitte gean. Wy krije oerlêst troch glêdens, snie en bytiden stoarmich waar. It waar kin hurd hinne en wer gean tusken kjeld en myldere perioaden. Neffens Piet bliuwt de moanne desimber grien en rûch, mar kinne wy yn jannewaris en febrewaris de redens út it fet helje.

De waarman basearret syn foarsizzings mei op it waar fan de moanne novimber. Fierders hat er sjoen nei de streamingen fan de lêste oardel jier, nei de sinne-aktiviteiteit en de mooglike ynfloed fan El Nino.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)