Waarman Hans de Jong ferstoarn

02 jan 2011 - 14:38
  • Hans de Jong

Ald-waarman Hans de Jong is dit wykein ferstoarn. Hy fersoarge jierrenlang it waar foar Omrop Fryslân. De Jong waard berne yn 1921 op De Gordyk. Hy makke yn de jierren fyftich it waarberjocht populêr.

De Jong begûn yn de oarloch mei it systematysk byhâlden fan it waar. Yn 1946 naam De Woudklank as earste krante in moanliks waarberjocht op. Letter fersoarge er it waar foar de Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd en Trouw en ek op de radio foar de NCRV.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)