Waarm wolkom foar De Boer

31 okt 2001 - 00:00

Margreeth de Boer is woansdei entûsjast wolkom hjitten op it Ljouwerter stedskantoar troch in grutte kloft amtners. De Boer wie eins allinnich yn Ljouwert om alfêst in pear ôfspraken te meitsjen en wie ferrast troch it massale wolkom.

De Boer begjint offisjeel op 1 novimber. De amtners wurde in soad oansprutsen op de bestjoerskrisis en hoopje no mei De Boer op bettere tiden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)