Waarm Wâldrock lûkt 7000 minsken

03 jul 2006 - 14:41

Metalfestival Wâldrock yn Burgum luts sneon 7.000 minsken. Sy koene genietsje fan muzyk fan hurde bands as Soulfly, Helloween, Stonesour en de Fryske iepener Shaboon.

It waarme waar soarge foar net al te folle problemen. Mei help fan 'e brânwacht waard der ekstra wetter nei it festivalterrein brocht. Op it hytst fan 'e dei wiene der wol in pear besikers dy't flau foelen. Dy koene bykomme yn 'e EHBO-tinte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)