Waarm Waad lûkt sardines

17 apr 2007 - 11:29
  • It wetter fan de Noardsee en de Waadsee is 3 graden waarmer as oars.

Troch it waarme seewetter binne der in soad sardines yn de Waadsee, neffens it NIOZ-seeûndersyksynstitút. It giet om de soart 'pelser' dy't benammen foarkomt yn de Atlantyske Oceaan by Portugal en yn it Kanaal. It wetter yn de Noardsee en de Waadsee is 3 graden waarmer as oars yn dizze tiid. Undersikers fan it NIOZ binne net fernuvere oer de oanwezigheid fan tûzenen sardines yn de Waadsee. Klimatologen hiene it al foarsein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)