Waarm-miel-besoargers binne letter mei de besoarging

05 jan 2016 - 13:43
  • Stamppot

De besoarging fan it waarme iten by de minsken thús rint tiisdei fertraging op. Van Smaak út Drachten bringt deis 1200 farske mielen en 600 waarme mielen by de minsken thús. Beropssjauffeurs bringe it kâlde iten del en dat komt wol op tiid by de minsken.

It waarme iten wurdt letter brocht. Dat wurdt besoarge troch frijwilligers en der wurdt besocht om dizze hûnderten mielen nei 15.30 oere by de minsken thús te bringen. Van Smaak seit te garandearjen dat eltsenien dy't dat wol in waarm miel krijt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)