Waard op tiid warskôge?

06 nov 2009 - 16:12
  • De ûntsnapte wolk salpetersoer by it tsiisfabryk fan Dronryp (foto: Jaring Rispens)

In yngreven evaluaasje moat oan it ljocht bringe oft de ynwenners fan Dronryp wol of net op 'e tiid warskôge binne foar de ûntsnapping fan in giftige wolk salpetersoer. Krekt foar healwei tsienen op freed ûntsnapte de giftige stof by it fabryk fan Friesland Campina yn Dronryp. De sirenes om de ynwenners te warskôgjen giene lykwols oardel oere letter ôf.

Ynwenners moasten yn 'e hûs bliuwe mei de doarren en ruten ticht. Ek moasten de basisskoallen de bern binnen hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)