Waaralaarm wurdt regionaal

21 aug 2009 - 14:29

It KNMI sil it waaralaarm regionalisearje. De maatregel stiet yn in plan foar in oare opset fan it waaralaarm, dy't steatssiktaris Tineke Huizinga dizze hjerst presintearje sil oan de Twadde Keamer. Wurdfierder Molenaars ûnderstreket dat dit plan der al lei foar de fûle diskusjes oer it waaralaarm fan tongersdei.

Twadde-Keamerlid Joop Atsma fan Surhústerfean frege tongersdei al foar regionalisearring fan it waaralaarm. Ek de ANWB wol in 'krekter' waaralaarm.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)