Waar soarget foar iiskoarts

06 des 2002 - 00:00

De redens kinne út it fet. De kommende wike sil it oerdeis en nachts frieze, sadat de iisbanen wierskynlik tiisdei al iepen kinne. Tongersdei kin der nei alle gedachten op fearten riden wurde.

Yn Earnewâld rekkenje se al op it NK maraton op natueriis. Yn Harns is de iiswegesintrale mar fêst begûn mei tariedings foar in Alvestêdetocht. In ramt yn it wetter by knipepunten moat soargje dat it iis hurder groeit. Freed komme de rayonhaden by-inoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)