Waar op Flylân falt ta

05 sep 2009 - 13:22
  • In reinjas wie op de earste jûn dochs wol handich
  • It grutte poadium fan Into the Great Wide Open

De 4.000 besikers fan it Flylanner festival Into The Great Wide Open hawwe oant no ta mar in bytsje lêst fan it minne waar. Alle optredens fan freedtejûn binne gewoan trochgien en de ferwachting is dat dat ek sneon it gefal wêze sil.

In tal minsken hat fanwege it minne waar yn de sporthal op it eilân sliept. It festival waard freed iepene en duorret noch oant en mei snein. Der binne mei-inoar sa'n 4000 besikers ôfkaam op it útferkochte festival.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)