Waanders net yn Twadde Keamer

21 sep 2006 - 14:07

Wethâlder Marga Waanders fan Ljouwert komt net yn de Twadde Keamer foar de PvdA. Sy hat harsels weromlutsen, omdat se te leech op de kandidatelist stiet. It giet om plak 58 en dat is neffens de prognoazes gjin ferkiesber plak.

Marga Waanders wie troch it gewest frege om de sollisitearjen. Se seit yn in reaksje dat se har no wer folslein rjochtsje wol op har wurksumheden as wethâlder yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)