Waalkens: 'drokte om koarting'

20 jul 2001 - 00:00

It PvdA-keamerlid Waalkens fynt dat CDA en VVD in soad drokte om de koartingskwestje meitsje. Yn de Twadde Keamer is tongersdei praat oer de hichte fan de boetes foar troch tongblier troffen boeren dy't administrative fouten makken.

Waalkens fynt it maklik skoaren fan de partijen dy't earder mei de regeling ynstimd hienen. Hy pleitet foar soepele behanneling by lytse oertredingen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)