Waale yn bestjoer Kunstconnectie

03 maaie 2005 - 16:15

Direkteur Renee Waale fan de provinsjale ynstelling Keunstwurk is bestjoerslid wurden fan de Kunstconnectie. Dat is de bransjferiening foar ynstellingen dy't har dwaande hâlde mei keunstedukaasje.

De Kunstconnectie praat ûnder oare mei de polityk oer belied en útfiering dêrfan. Waale is keazen op it ledenkongres. Se sil har bestjoerswurk kombineare mei har wurk as direkteur fan Keunstwurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)