Waaijer net werom as wethâlder

27 jun 2007 - 23:25

Harns krijt in wethâlder fan bûten de ried. Piet Waaijer komt net werom as bestjoerder. Der is de ôfrûne wiken besocht om him te bepraten mar dat is net slagge. Hy fynt dat der net genôch draachflak foar him is.

De CDA-fraksje hie graach in fraksjegenoat as wethâlder hân mar dat wol de ried net. Nei de fakânsje moat der in kandidaat wêze en dat mei fan de PvdA ek in CDA'er wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)