Waadtaksy doopt op Wight

01 mrt 2011 - 15:16
  • Foto: Rederij Doeksen

Op it eilân Wight by Ingelân is in nije Waadtaksy doopt fan rederij Doeksen. 'De Zeehond' sil nei alle gedachten yn 'e rin fan takom wike nei Nederlân farre. It skip is de ôfrûne moannen boud op 'e werf South Boats.

Op it skip kinne maksimaal tolve minsken oerset wurde. De saaklike en de partikuliere merk kin der gebrûk fan meitsje. De boat is ek geskikt foar sikeferfier oer it Waad. De Waadtaksy kin fan ein april ôf boekt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)