Waadseekonferinsje op Skier

09 des 2003 - 00:00

Skiermûntseach is it plak dêr't de tsiende Waadkonferinsje yn 2005 hâlden wurdt. Dat hat minister Veerman tiisdei bekend makke. De konferinsje oer de Waadsee wurdt ien kear yn de fjouwer jier organisearre. Nederlân, Denemarken en Dútslân dogge der oan mei.

It is foar it earst dat de gearkomste op in Waadeilân is. Mei de kar foar Skiermûntseach wol de lânbouminister de klam lizze op de belutsenheid fan de lokale befolking mei it Waadbelied.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)