Waadsee net samar ôfslute

29 jan 2001 - 18:18

It regear slút fierste maklik dielen fan de Waadsee ôf. Dat fynt de Vereniging van Wadvaarders. De club stribbet nei 'frij en ferantwurde farren' op it Waad.

It regear soe sûnder goede arguminten ta de maatregel oergean. De ôfsluting moat pas ynfierd wurde as it echt net oars kin. In beslút dêrta ferstjinnet in goede ûnderbouwing, sa fine de Wadvaarders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)