Waadsee mooglik wrâldwûnder

20 jun 2008 - 16:38
  • Is de Waadsee in wrâldwûnder?

De Waadsee is yn de race foar de ferkiezings fan de sân natuerlike wrâldwûnders. It gebiet is ien fan de hast trijehûndert nominearren. Begjin takom jier selektearje saakkundigen 21 gebieten foar de einronde.

De Waadsee is it iennichste Nederlânske natuergebiet dat foardroegen is. Belangstellenden kinne noch oant ein dit jier fia it ynternet har stim útbringe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)