Waadpylders mei Unesco-ynfo

24 okt 2012 - 16:01

Op fjouwer Waadeilannen komme ynformaasjepylders te stean oer de Wrâlderfguodstatus fan it Waadgebiet. Toeristen kinne dêrop lêze wêrom't it gebiet in plak fertsjinnet op de Wrâlderfguodlist fan 'e Unesco.

De kolommen komme te stean by it Sintrum foar Natoer en Lânskip op Skylge, by de Noardwester op Flylân, by it Natoermuseum op It Amelân en by Ecomare op Teksel. Op ferskate plakken by de Waadsee komme ek noch wolkomsbuorden te stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)