Waadkampus fan Nordwin-kolleezje kin úteinsette

01 jun 2015 - 11:19

It Nordwin-kolleezje kin los mei in Waadkampus no't it ministearje fan ûnderwiis der trije ton foar beskikber steld hat. Op de waadkampus sille sawat 100 studinten har dwaande hâlde mei kennisfragen oer duorsumens. Ek sil der gearwurke wurde mei ferskate partijen op It Amelân om it duorsume belied fan de gemeente te stypjen. Der komt in kennismakeler op it eilân dy't de ferbining lizze sil tusken de skoalle en ûndernimmers en gemeente op it eilân.

It Nordwin-kolleezje siket no noch stipe fan ûnder oaren it Waadfûns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)