Waadhoeke, Franeker of Nij-Westergo: ynwenners meie kieze

08 sep 2015 - 20:37
  • By de gearkomste binne de trije mooglike nije gemeentenammen presintearre

Waadhoeke, Franeker en Nij-Westergo. Dat binne de trije mooglike gemeentenammen foar de nij te foarmjen gemeente yn Noardwest-Fryslân. De nammen binne keazen út sa'n 500 ynstjoerings.

Fan 10 septimber ôf meie ynwenners fan de nij te foarmjen gemeente kieze hokker namme har foarkar hat. Sy krije hjirfoar in stimkaart mei in stimnûmer. De stim kin ek online útbrocht wurde. De namme dy't mear as 50 prosint fan de stimmen krijt wint. Mocht it nedich wêze dan kin der in twadde stimrûnte organisearre wurde.

Fan 1 jannewaris 2018 ôf geane de gemeenten Frjentsjerteradiel, It Bilt, Menameradiel en fjouwer doarpen út Littenseradiel fierder as ien gemeente. De fúzjegemeente hat foarearst de wurknamme Westergo krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)